Jan Bos wint De Jouwer

23 aug 2008 - 21:58
  • Jan Bos: achtste oerwinning
  • In blide Jan Bos (foto Martin de Jong)

Hurdfytser Jan Bos fan Nijhoarne hat noch altyd de foarm goed te pakken. Sneontejûn wûn hy mei oermacht De Ronde fan De Jouwer. Seis kilometer foar de ein naaide hy út út in njoggen man sterke kopgroep. Nei de einstreek soene syn kollega-hurdfytsers him wer sjen. Theo Postma fan Sweagerbosk waard twadde, Rudy Vriend fan Schagen, ploechmaat fan Jan Bos, tredde.

It wie foar Jan Bos de achtste oerwinning fan it seizoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)