Om 'e twa jier Frysk Festival

23 aug 2008 - 16:01

It Frysk Festival soe om de twa jier hâlden wurde moatte. Dêrfoar pleite artistyk lieder Guy Coolen freed by de start fan it festival. Neffens de Belch hat Fryslân safolle te bieden op it mêd fan kultuer, dat dêr mear romte foar komme moat.

De foarstellingen fan it festival wurde rûnom yn de provinsje opfierd. De organisaasje hopet op 30.000 besikers. It festival waard freed mei in grut konsert fan dik 400 musikanten iepene op Aldehoustertsjerkhôf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)