Frou naait út nei oanriding

© Omrop Fryslân
De plysje siket in automobiliste dy't moandeitemiddei trochriden is nei in ûngelok op De Gordyk. Op in sebrapaad ried se in man oan dy't mei syn soan yn de buggy de Nijewei oerstuts. De man rekke ferwûne oan de skonk.
De frou ried yn in silverkleurige Opel Astra en gie nei de botsing fierder yn de rjochting fan Jobbegea, se hie twa froulju fan in jier as 50 yn de auto. De plysje siket tsjûgen fan de oanriding.