Fryske sikehuzen skoare min

23 aug 2008 - 12:43

De Fryske sikehuzen kommen der min ôf yn de 5e AD Ziekenhuis Top 100. Allinne Nij Smellinghe yn Drachten docht is goed mei in 6e plak.

De sikehuzen fan Dokkum en It Hearrenfean steane yn de ûnderein fan de list: de Sionsberg stiet 93ste, de Tjongerschans 87ste. It MCL - yn 2006 op it 1e plak - sakket nei it 40ste plak. It Snitser Antonius is no 58ste en wie yn 2006 noch 4e. It ûndersyk is basearre op sifers fan de ynspeksje foar de Sûnenssoarch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)