SC Hearrenfean wint lêste test

22 aug 2008 - 22:09
  • Byld fan de wedstriid (Martin de Jong)

De Sportclub Hearrenfean hat de lêste test foar it begjin fan de kompetysje mei 3-1 wûn fan Real Sociedad. It wie foar it earst dat trainer Trond Sollied in sa goed as folsleine seleksje oan it wurk sjen koe. Sa wiene Olympia-gongers Sibon, Beerens en Jong-A-Pin der wer by.

Hearrenfean kaam earst mei 1-0 achter troch in goal fan Sio. Dêrnei waard de thúsploech better. Troch twa goals fan Gerald Sibon en ien fan Michel Breuer kaam de 3-1 einstân op it skoareboerd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)