IIshockeybûn wol Flyers hâlde

© Omrop Fryslân
Sels mei in mindere seleksje en in legere begrutting binne de Flyers fan grutte wearde foar de nasjonale iishockey-kompetysje. Dat seit foarsitter Joop Vullers fan it iishockeybûn. De iishockey-klup fan It Hearrenfean makke freed bekend dat se gjin nije haadsponsor ha. Dêrmei is top-iishockey net mear mooglik.
Yntusken wurde der aksjes op poaten set foar de Flyers. Gerard van der Heide is al 30 jier supporter. Hy is de site savetheflyers.com begûn.