Riedsleden op âld begraafplak

It âlde Ljouwerter begraafplak oan de Spanjaardsleane luts freedtemoarn in selskip mei in politike eftergrûn. It begraafplak is al tsientallen jierren bûten gebrûk en bot fertutearze. De lêste en meast opfallende poging om it te restaurearen mei help fan tv-programma De Restauratie miselearre.
Der wurde noch wol plannen makke, mar dat duorret guon partijen yn de gemeenteried te lang. Sadwaande wie der ûnder lieding fan gids Henk Fetter in rûnlieding oer it âld begraafplak.