Finansjele problemen Flyers

© Omrop Fryslân
IIshockeyklub Flyers is der net wis fan dat se it kommende seizoen meidwaan kinne yn de earedivyzje. De Flyers kinne nammentlik gjin opfolger fine foar Vadeko as haadsponsor.
Dêrtroch moat de ploech fan It Hearrenfean dit jier wurkje mei in begrutting fan 160.000 euro yn stee fan 400.000 euro. Mooglik moatte de Flyers dêrtroch ôfskie nimme fan guon spilers. Watfoar gefolgen dit no krekt hat, moat de kommende wiken dúdlik wurde.