'Eask 30 jier is ekstreem'

22 aug 2008 - 12:14

De ynwenner (44) fan De Harkema, dy't fertocht wurdt fan it deasjitten fan Murkje de Vries yn Koatstertille, moat frijsprutsen wurde. Dat fynt syn advokaat Alie Westerhuis. De opset fan syn die kin net bewiisd wurde, seit se. Tongersdei easke it Iepenbier Ministearje 30 jier selstraf tsjin de man. De fertochte skeat Murkje de Vries yn de nacht fan 1 op 2 febrewaris fan dit jier dea.

Advokaat Westerhuis fersmyt de eask fan justysje as 'ekstreem'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)