Nij: oplieding Young Farmers

22 aug 2008 - 12:02

Nije wike sille de earste studinten fan twa nije opliedingen oan AOC Friesland begjinne. De opliedingen Young Farmers en Young Greens binne opset yn gearwurking mei de útstjoerorganisaasje AB Fryslân en de leden en klanten fan dy organisaasje.

Sy wolle sa wat dwaan oan it tekoart oan geskikt personiel yn de agraryske sector en de grienfoarsjenning. Om teory en praktyk goed oanslute te litten binne de studinten in pear dagen wyks oan it wurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)