Granaat fûn op Ofslútdyk

© Omrop Fryslân
Op de Ofslútdyk is freedtemoarn in granaat oantroffen. It waard oantroffen op in stik dat populêr is by minsken mei in metaaldetektor. It giet om in op it each ûngefaarlik eksimplaar fan sa'n 15 sentimeter, seit de plysje.
Dochs is de EOD, de Eksplosieven Oprommings Tsjinst, ynskeakele om it projektyl ûnskealik te meitsjen. In gebiet fan 25 meter is dêrom ofsetten. It ferkear hat der foarearst gjin hinder fan.