Poalske matroas ferdrinkt

© Omrop Fryslân
Yn 'e haven fan Koatstertille is freedtemoarn in matroas (40) fan in Dútsk frachtskip te wetter rekke. It ûngelok barde yn de buert fan 'e kade fan Haitsma Beton. Hoe't de man út Poalen tusken syn skip en de wâl rekke is net bekend.
De Poal hat in skoft yn it wetter lein. Helpferlieners ha de man noch reanimearre. Mei in ambulânse is it slachtoffer yn kritike tastân nei it sikehûs brocht. Dêr is de man letter ferstoarn.