Dieverij mei geweld yn Kollum

© Omrop Fryslân
In noch ûnbekende man hat him tongersdeitejûn misdroegen yn in horekasaak oan de Eyso de Wendtstrjitte yn Kollum. Hy bestelde iten en drinken, mar wie it net iens mei de priis. Hy begûn mei guod te smiten en sloech op de kassa, dy't dêrtroch iepen sprong. De man graaide in tal bankbiljetten út de kassa.
Doe't de eigner de plysje belje woe, waard hy troch de fertochte slein en skopt. De eigner besocht de man fêst te hâlden, mar dat slagge net.