Hotelgast betellet rekken net
In 24-jierrige man fan It Hearrenfean is tongersdei yn Harns op de Suderhaven oanhâlden fanwege oplichting. De plysje wie ynskeakele omdat de man syn hotelrekken net betelje woe.
Bliken die dat de man de jûns dêrfoar de taksy dy't him by it hotel brocht hie ek net betelle hie. De man is by de plysje bekend foar ditsoarte praktiken.