Earste Expo Harkema yn 11 jier

21 aug 2008 - 20:31

Foar it earst yn 11 jier tiid wurdt der wer in Expo Harkema hâlden. Rom 40 bedriuwen fan De Harkema en omkriten presinteare harren fan 21 oant en mei 23 augustus op dizze spesjale ûndernimmersbeurs. Yn 1997 waard de beurs foar it lêst hâlden, mar in nije groep leden fan Hannel en Yndustry Harkema stoffe it idee ôf en sette in nije expo op.

Neist ûndernimmers is it ek de bedoeling dat in soad gewoane minsken út de buert nei de beurs takomme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)