Gjin ferkear oer Burgumerdaam

21 aug 2008 - 17:57
  • De brêge by Burgum (foto Martin de Jong)

It ferkear op de brêge Burgumerdaam moat tongersdeitejûn rekken hâlde mei wurksumheden. Der is in planke yn it dek fan de brêge barsten, wêrtroch ien rydbaan tongersdeitejûn stremd is. Nei ferwachting sil de reparaasje de hiele nacht duorje en binne beide rydbanen op de brêge tusken Burgum en de dyk nei Nyegea pas freed wer beskikber foar it ferkear.

Ek oan de brêge by Stroobos wurdt freed wurke. Fan 8 oere ôf is de brêge net mear tagonklik foar alle ferkear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)