Folle minder Fryske wurkleazen

© Omrop Fryslân
De wurkleazens yn Fryslân is it lêste jier flink sakke. Dat meldt it Sintrum foar Wurk en Ynkommen (CWI). Hast 4000 minsken hawwe de lêste tolve moanne in nije baan fûn. Dêrmei naam it oantal net wurkjende wurksykjenden mei 18,5 prosint ôf yn ús provinsje.
Fryslân docht it dêrmei better as Grinslân en Drinte. Ek binne de Fryske sifers folle better as de lanlike.