30 jier sel easke foar moard

21 aug 2008 - 17:26
  • De strjitte fan de moard op 'e Tille

Tsjin de 44-jierrige ynwenner fan De Harkema dy't fertocht wurdt fan de moard op de 36-jierrige Murkje de Vries, yn Koatstertille, is tongersdei 30 jier selstraf easke. De man soe yn dy nacht fan 1 op 2 febrewaris ek nochris twa minsken delsketten hawwe.

Sels seit de fertochte dat er net wit wat him besiele hat en dat er spyt hat. De dramatyske sjitpartijen yn beide doarpen hawwe har oarsaak yn de relasjonele sfear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)