Wetterskip bringt lêsten werom

© Omrop Fryslân
In grut tal bedriuwen yn Fryslân hoecht fan dizze moanne ôf net mear syn eigen ôffalwetter te kontrolearjen. Wetterskip Fryslân hopet dêrmei de lêsten foar de ûndernimmers werom te bringen.
De sirka 170 bedriuwen moasten earder hieltyd meunsters nimme om te sjen oft it ôffalwetter ek fersmoarge wie. De maatregel jildt foar bedriuwen mei relatyf lytse loazings.