Fiskpassaazje yn Ofslútdyk

© Omrop Fryslân
Yn de nije spuislûs by Koarnwertersân komt in spesjale fiskpassaazje. Rykswettersteat hat dat besletten omdat út ûndersyk bliken docht dat der in soad fisk tusken de Waadsee en de Iselmar swimt.
Ut it saneamde fiskmigraasje-ûndersyk komt nei foaren dat der foaral bears en poask fan de Iselmar nei de Waadsee spielt. Oarsom binne dat foaral spjirring, stikelbears en hearring. It ûndersyk fan Rykswettersteat is yn 2007 begûn en sil in jier duorje.