Foarstelling ´Lân´ by Kimswert

21 aug 2008 - 12:29

Noch ien dei, en dan begjint it Frysk Festival. Rûnom yn de provinsje wurde 40 foarstellings jûn. Ien derfan is Lân. Krekt bûten Kimswert, midden yn in natuergebiet, stiet de lânskipsbioskoop fan Sytse Pruiksma.

Mei it waar fan no, moat de technyk alles út ´e kast helje. Dat slagget. Sels mei wynkrêft tolve bliuwt de bioskoop oerein. Mar der moat gjin tonger komme. Op de skermen wurdt in film fan Herman Zeilstra toand. Tagelyk mei de film is der live muzyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)