Generale iepening festival

21 aug 2008 - 08:55

De iepening fan it Frysk_Festival moat freedtejûn in grut muzykspektakel wurde op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. Sa´n 400 muzikanten sille dan tagelyk de muzyk fan komponist Dick_van_der_Harst hearre litte.

Van_der_Harst is in komponist mei Fryske ´woartels´ dy´t yn België wurket. Foar de premjêre wurdt noch oefene. Dat diene de orkesten tongersdei yn sporthal Kealledykje. It stik wurdt opfierd troch brassbands, harmony-orkesten en in hardrockband.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)