Ysbrand Galama wint Gryptsjerk

20 aug 2008 - 23:16

Ysbrand Galama fan It Heidenskip hat woansdeitejûn de lêste fierljepwedstriid fan it seizoen wûn yn ´e topklasse. Mei in sprong fan 18.93 meter bleau er favoryt Bart Helmholt sân sentimeter foar. Tredde wie Hannes Scherjon mei 18.15. Helmholt is wol krekt as ferline jier winner fan it klassemint.

By de junioaren wûn Nard Brandsma mei 18.28. Hiske Galama wûn ferrassend by de froulju mei 14.41. Hans Ulco de Boer wie de bêste by de jonges.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)