´Afvaloven Nee´ giet yn berop

© Omrop Fryslân
De Stichting_Afvaloven_Nee is slim teloarsteld oer it beslút fan de provinsje om de reststoffe-enerzjysintrale ta te stean. Neffens de provinsje foldocht de yntsjinne miljeufergunning oan de easken en sil de sintrale ien fan de skjinste fan Nederlân wurde.
De aksjegroep bliuwt derby dat de sintrale net nedich is en skealik is foar it miljeu. Se sille no by de Rie fan Steat de hiele proseduere en de fergunning oanfjochtsje.