Legerpontons by NK fierljeppen

leger lient pontons oan Burgum út
It leger kaam woansdei yn aksje yn Burgum. Militêren lieten grutte driuwende pontons te wetter foar it NK fierljeppen, no_sneon yn Burgum.
De pontons binne nei in feart njonken de fierljepskâns brocht. Dêr sille tribunes opboud wurde dy´t plak jouwe oan hûnderten taskôgers. Neffens de ljeppers wie it gjin probleem om meiwurking fan it leger te krijen.