PvdA: Dikken en Zwart hâlde op

20 aug 2008 - 14:28
  • Amarins Dikken: lêste perioade
  • En dat jildt ek foar Klaas Zwart

De PvdA yn Ljouwert ferliest twa fan syn meast betûfte riedsleden. Sawol fraksjefoarsitter Amarins_Dikken as fise-foarsitter Klaas_Zwart stappe op.

Dikken, dy´t yn 1989 yn de ried kaam, bliuwt noch wol riedslied oant maart 2010 as de gemeenteriedsferkiezings plakfine. Sy hâldt op mei de polityk omdat se romte jaan wol oan in nij gesicht. By de lêste ferkiezings wie de PvdA de grutte winner. De sosjaaldemokraten hawwe no 15 fan de 37 sitten yn ´e Ljouwerter ried.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)