CdK moat baas by ramp wêze

20 aug 2008 - 11:13
  • Jorritsma: CdK moat baas by ramp wêze
  • Jorritsma's artikel yn De Volkskrant

Kommissaris Jorritsma wol dat hy de baas bliuwt by in ramp yn meardere gemeenten. De Twadde Keamer stimt ynkoarten oer in foarstel wêrby't de korpsbehearder it foar it sizzen krijt. Boargemaster Crone fan Ljouwert is de Fryske korpsbehearder. Neffens Jorritsma is dat in probleem as er by in ramp meardere belangen tsjinje moat.

Crone sjocht dat probleem net. As korpsbehearder wurket er al twa dagen yn 'e wike foar de hiele provinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)