Man oppakt foar wapens

© Omrop Fryslân
De plysje hat in man (34) út Donkerbroek oanhâlden. Achter syn hûs waarden 150 himpplanten fûn. Yn it hûs en de skuorre fan de fertochte leinen wapens en fjoerwurk lykas flinterbommen en mortierbommen. De Eksplosive Oprommingstsjinst is ynskeakele om de bommen bûten it doarp ûntploffe te litten.
Yn de skuorre fan in famyljelid fan de fertochte fûn de plysje mear wapens en yllegaal fjoerwurk. Dat famyljelid wist dêr neat fan.