Topsportstatus foar Helmholt

20 aug 2008 - 10:11

Fierljepper Bart_Helmholt krijt in topsportstatus by de plysje. Helmholt wurket as haadagint by de plysje en kin no syn wurk better kombinearje mei it fierljeppen. Sa hoecht hy no yn it fierljepseizoen gjin nachttsjinsten mear te draaien en kin er dy oeren brûke foar it fierljeppen.

It giet wol om in ôfswakke foarm fan de topsportstatus foar de ynwenner fan Hurdegaryp. Turner Herre_Zonderland fan De_Lemmer, dy´t ek by de plysje wurket, hat ek in topsportstatus.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)