Helpynstânsjes keppelje bestân

20 aug 2008 - 10:01

De dak- en thúsleazen yn Ljouwert wurde better yn de gaten hâlden. Yn in dossier wurdt byhâlden hokker ynstellings se gebrûk fan meitsje kinne. Sa moat dúdlik wurde oft de help dy´t bean wurdt, fertuten docht. Dat stelt it kolleezje fan Ljouwert yn antwurd op fragen fan it CDA.

De partij woe witte oft it ek sa is dat hûnderten gesinnen dy´t by de krisisopfang komme om help ôfwiisd binne. It kolleezje stipet it plan om bestannen fan ynstânsjes te keppeljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)