Taalbelied nei Welsk foarbyld?

19 aug 2008 - 16:54

It taalbelied yn Fryslân moat útfierd wurde troch ien sintrale organisaasje. Dat wol de steatefraksje fan de FNP.

As foarbyld sjocht de partij de Bwrdd Yr Iaith Gymraeg, de Welsh Language Board. Dy organisaasje hâldt him dwaande mei it opsetten fan taalstrategyen, benammen op langere termyn. De Welsh Language Board lit bygelyks ek Welske software ûntwikkelje. In Frysk taalburo soe soks ek yn Fryslân goed dwaan kinne, is de FNP fan betinken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)