Untslaggen by útjouwerij Banda

© Omrop Fryslân
By útjouwerij Banda yn Kollum ferdwine banen. It bedriuw moat de kommende tiid reorganisearje. Banda hat de lêste pear jier mei ferlies draaid. De advertinsje-ynkomsten en it tal abonnees binne fermindere en de kosten binne heger wurden. Om't de foarútsichten foar de takomst net bêst binne, wurde no banen opheft.
Direkteur André Banda hat it nijs ferline wike bekendmakke. Foar de minsken dy't dien krije, is der in sosjaal plan.