Lemsterlân grutsk op Epke

19 aug 2008 - 14:56
  • Epke skoarde 15.000 punten

De gemeente Lemsterlân lit yn in ferklearring witte grutsk te wêzen op turner Epke_Zonderland, ek al hat er gjin medalje helle op de Olympyske_Spelen. De Lemster begûn syn oefening oan de rekstôk goed, mar nei in fluchtelemint koe er de stôk net mear beetpakke en foel. Epke makke de oefening wol ôf en skoarde 15.000 punten, goed foar in sânde plak.

Nettsjinsteande dat plak, is de gemeente Lemsterlân grutsk op Epke, sa stiet yn ´e ferklearring.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)