Fryske hynders nei Ruslân
Der wurde hieltyd mear Fryske hynders ferhannele nei Ruslân. De Russen binne sljocht op it Fryske hynder. It is in echt statussymboal. Der is sels al in feriening oprjochte foar Russen mei in Frysk hynder.
It Frysk_Hynstestamboek giet takom jier nei Ruslân ta om dêr de hynders te keuren. It stamboek ferwachtet dat de hannel de kommende jierren groeie sil.