Fiskershúske: likefolle gasten

19 aug 2008 - 12:32

It betinkingsjier fan de fiskersramp yn Peazens-Moddergat, no 125 jier ferlyn, hat museum 't Fiskershúske gjin mear besikers opsmiten as oars. Der wie wol rekkene op in pear tûzen mear. It liket derop dat dit jier, krekt as yn 2007, mei-elkoar 14.000 minsken delkomme sille. De 10.000e fan dit jier waard tiisdei oan it begjin fan 'e middei ferwolkomme.

Yn it betinkingsjier is in boek útkaam en waard achterdyk in rekwiëm oer de fiskersramp yn 1883 opfierd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)