Dakleazen yn Accoladewenten

Wenningkorporaasje Accolade stelt wenten beskikber foar dak- en thúsleazen. It giet dan om kliïnten fan soarchorganisaasje Zienn dy't wer yn in hûs wenje wolle. Neist in hûs krije se ek begelieding. As dêr gjin ferlet mear fan is, giet de oerienkomst oer yn in gewoan hierkontrakt.
Neffens Zienn is it op dit stuit dreech om huzen te finen foar dak- en thúsleazen. De gearwurking mei Accolade moat dat ferbetterje.