SC Frjentsjer hat wer bestjoer

19 aug 2008 - 07:34

Sportclub Frjentsjer hat wer in bestjoer. It bestjoer fan de fuotbalclub stapte op, omdat der in konflikt mei de gemeente wie oer de oanlis fan de nije keunstgersfjilden.

De gemeente hie tasein dat de fjilden foar it nije seizoen klear wêze soene. Begjin july hearde it bestjoer lykwols fan de oannimmer dat dat net slagje soe. Dat wie foar it bestjoer reden om op te stappen. Moandei hawwe de leden it fertrouwen útsprutsen yn it demisjonêre bestjoer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)