Hearrenfean-Real live by Omrop

19 aug 2008 - 06:27

De wedstriid tusken SC_Hearrenfean en de Baskyske fuotbalclub Real_Sociedad wurdt freedtejûn rjochtstreeks troch Omrop Fryslân útstjoerd. Real_Sociedad spilet yn de Spaanske earste divyzje.

De gearfettings fan Hearrenfean mei de Omrop net mear útstjoere krekt nei it wykein. Dy komme achter de dekoder fan it earedivyzjefuotbalkanaal. Hoe´t it mei de gearfettings fan de wedstriden fan SC_Cambuur komt, is noch net hielendal dúdlik. Dêr wurdt tiisdei fierder oer praat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)