Gjin plysje nei ûngemakken

© Omrop Fryslân
Meiwurkers fan Rykswettersteat hannelje hieltyd faker lytse ûngemakken op de autodiken ôf. Dat binne mear as trije op in dei.
Rykswettersteat hat spesjaal foar de helpferliening fyftjin meiwurkers traind. De plysje komt allinnich noch as der sprake is fan grutte ûngelokken. Doel is om de minsken te helpen en om de diken sa gau mooglik frij te krijen foar it oare ferkear. It projekt rint al in skoftke en is neffens Rykswettersteat in súkses.