Marsum wol doarpsplein

18 aug 2008 - 16:38

Doarpsbelang Marsum wol graach dat der in plein komt yn it sintrum fan it doarp. Dêrom wurdt der tiisdeitejûn in ekstra ledefergadering holden.

It doarp stiet oan de foarjûn fan in grut tal feroarings, lykas in nij rioel en de bou fan in multyfunksjoneel sintrum mei dêryn in nije dokterspraktyk. Doarpsbelang Marsum fynt dat der ek romte komme moat foar in doarpsplein. Dat moat ynrjochte wurde mei spesjaal strjitmeubilêr.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)