Baggerponton wer boppe wetter

18 aug 2008 - 14:57

Yn de Wide Ie by Burgum is moandeitemiddei it baggerponton boppe wetter helle, dat dêr earder sonk. Dat waard dien mei in tal kranen. It ponton sloech 10 augustus om, nei alle gedachten troch de hurde wyn en ferdwûn doe ûnder wetter.

By it boppe wetter heljen is noch wat oalje frijkaam. Earder streamde der al in pear hûnder liter oalje út it ponton it wetter yn. It Wetterskip hat dat yntusken opromme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)