Ferbouwing Klinze: beswieren

18 aug 2008 - 12:31

Buorlju fan bûtenplak De_Klinze yn Aldtsjerk meitsje beswier tsjin de útwreidingsplannen. Yn in brief oan de ried fan Tytsjerksteradiel lit de famylje Oostenbrug witte dat se it net iens binne mei de oanlis fan in parkearplak oan de westkant.

Ek sizze se dat in projektûntwikkelder apparteminten op ´e grûn bouwe wol. De ried nimt oan ´e ein fan de moanne in beslút oer de ferbouplannen. Eigner Gert_Snijders neamt de beswieren fan Oostenbrug ´oerdreaun´.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)