Mei 155 km oer 60 km-dyk

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneintemiddei in 32-jierrige Wolvegeaster syn rydbewiis ôfnommen. Hy ried by in kontrôle op de Finkegeasterfeartwei 155 kilometer yn ´e oere, wylst dêr in maksimum jildt fan 60 km. Dat wie dus mear as twa kear sa hurd. In 48-jierrige man fan Aldehaske koe it rôze briefke ek ynleverje. Hy ried op de A7 188 km yn ´e oere en dêr meie je no ienkear net hurder as 120.