Gjin fisa foar bern Wyt-Ruslân

18 aug 2008 - 09:55
  • It is ûnwis oft de bern ek echt komme

De wurkgroep Stiens fan de stifting Kinderhulp_Ruslân giet gewoan troch mei de tariedings foar de komst fan 22 bern út Wyt-Rûslân. Dochs is it foarearst ûnwis oft de bern ek echt komme. It regear dêr wol de groep gjin fisa jaan om nei Nederlân ta te gean. De reden is dat gastâlden út Itaalje en Amearika bern net mear weromstjoerden nei har heitelân.

Op it stuit wurdt oerlein oft de reis dochs trochgean mei of net. In part fan ´e bern hat kanker of kanker hân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)