Trio Minnesma wint yn Kimswert

Simon Minnesma (foto Martin de Jong)
It partoer fan Simon Minnesma, Hylke Bruinsma en Marten Feenstra hat snein de haadklasse frije formaasjepartij yn Kimswert wûn. Yn de finale wûnen se op 5-2 en 6-0 fan it partoer Gert-Anne van der Bos, Tjitte Bonnema en Folkert van der Wei. Op dy stân sloech Hylke Bruinsma de keats foarby.
Troch it winnen fan de preemje kaam Tjitte Bonnema op 200 punten yn it ivich klassemint. De lytse preemje gie nei it partoer Johan Abma, Jacob Klaas Haitsma en Gerrit Flisijn.