Fabriek wint NK gersbaanracen

17 aug 2008 - 17:45
  • Dirk Fabriek (foto: Martin de Jong)

Dirk Fabriek fan It Hearrenfean is snein yn Eenrum nasjonaal kampioen wurden by it gersbaanracen. Yn de finale waard Fabriek twadde, mar dat wie genôch foar de titel. It wie noch efkes spannend oft de motor it hâlde soe, mar úteinlik bleau Fabriek dy tsjinslach besparre.

Jannick de Jong fan De Gordyk, de kampioen fan de lêste twa jier, wûn de finale en pakte dêrmei de deipriis. Sjoerd Rozenberg fan Nijeberkeap waard fjirde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)