Nij sportkompleks Rottefalle

© Omrop Fryslân
De ynwenners fan De Rottefalle binne klear foar de takomst. It nije sportkompleks It Hagehiem is klear foar gebrûk. Yn totaal hat de gemeente Smellingerlân sa'n 3,5 miljoen euro yn de twa projekten stutsen. Dêrneist ha ek de ferienings en it doarp jild byelkoar sammele.
Ofrûne sneon iepene wethâlder Nieske Ketelaar it sportkompleks. Fuotbalferiening Rottefalle, kuorbalklub Wêz Handich en de tennisferiening diele it sportkompleks.