Ungemakken mei scootmobilen

17 aug 2008 - 16:45

In 74-jierrige ynwenner fan Reitsum is sneon mei syn scootmobyl it wetter yn riden. Dat barde op de Parallelwei by Boarnwert. De man hie efkes net goed oplet en kaam op de kop yn de sleat telâne.

In 22-jierrige man fan Kollumersweach rêde de Reitsumer út syn pynlike situaasje. Hy wie op it lân oan it wurk en seach dat it ûngelok barde. De bestjoerder fan de scootmobyl is foar ûndersyk oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)