Wenningbrân yn Snits

17 aug 2008 - 15:32

Der hat sneintemoarn om 04.00 oere hinne brân west yn in wenning oan de Furmerusstrjitte yn Snits. In tsjûge seach dat der in útslaande brân wie yn in flatwenning op de fjirde ferdjipping en belle 112.

By oankomst troffen plysjes de 43-jierrige bewenner en in 34-jierrige ynwenner fan Sint Nyk bûten de wenning oan. Beide hiene problemen mei sykheljen en binne mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De brânwacht hie de brân gau ûnder kontrôle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)