Oanriding by Himmelum

© Omrop Fryslân
Der hat sneontejûn in ûngelok plakfûn op de N359 by it Flinkeboskje by Himmelum. In automobiliste (21) joech op de krusing gjin foarrang oan in oare auto, bestjoerd troch in ynwenner fan Snits (39).
In oanriding wie it gefolch, wêrby't de auto fan de Snitser op 'e kant telâne kaam. De bestjoerder en de twa ynsittenden waarden troch de brânwacht út de auto befrijd en nei it sikehûs yn Snits oerbrocht. Ien ynsittende waard dêr foar behanneling opnaam.